Yn in telefoantsje op myn jierdei fertelt in kammeraat fan my dat ien fan syn dochters har baan op sein hat en foar sân moannen op reis is nei Australië. Ik moat dêrfan efkes skodholje, mar yn dizze tiid skynt soks al hielendal net bysûnder mear te wêzen, se nimme tsjintwurdich in tuskenjier en reizgje der mar op los.
Sa fertelt in dochter fan freonen koartlyn – lykas giet sy om in pak sûker nei de winkel – dat sy de oare deis efkes tsien dagen nei Bali giet. Wêr betelje sy dit soad moaie reiskes allegearre fan, sa freegje ik my dan ôf. Blykber is der hiel wat feroare yn’e wrâld of wy hawwe it eartiids net goed oanpakt.
“Ja jong”, sa filosofearje ik wat fierder mei myn kammeraat wylst wy wat werom sjogge yn’e tiid. “Tsjintwurdich reizgje se de wrâld oer”, sa slút hy ôf, “wy gongen nei Earnewâld.”