“Oeh blikstiender!”, tink ik as ik om 11:37 efkes sjoch hoe let as it is. Al in moai skoft bin ik hiel konsintrearre dwaande efter myn kompjûter en dan blykt dat de tiid dochs aardich hurd gean kin. Om 11:40 haw ik in ôfspraak by de kapper.
Sûnder fierder nei te tinken spring ik op, sto by de trap del, skuor de jas fan de kapstôk en sit noch gjin minut letter op’e fyts. Yn rap tempo jei ik troch it doarp en om 11:40 bin ik al yn it sintrum, mar eins dus dochs al te let.
Wer in minut letter parkearje ik by de kapper en stap nei binnen. Gelokkich stiet hy noch net op my te wachtsjen – sa as ik eins ferwachte hie – mar is noch oan it ôfrekkenjen. Hymjend freegje ik my ôf as ik myn meldinkje fan tsien minuten wol goed ynstelt hie.