“Wilt u koffie meneer?” De kapper wêr’t ik gewoanwei hinne gean hat fakânsje en omdat myn hier dochs wol oan in opknapbeurtsje ta is, bin ik nei de barbershop gong. Dat is ien fan dy nije saakjes wêr’t ik om earlik te wezen wol in pear kear del fytst wie, mar net rjocht nei binnen doarde te gean.
Ik kin fuortdaliks sitten gean, de jongeman hat in fleurich muzykje opset en begjint mei de opknapbeurt. “Komt u uit Surhuisterveen meneer?”, sa trochbrekt hy de stilte, mar dêrnei is it wer efkes stil. “Heeft u kinderen meneer?”
De man is achttjin jier, komt út Drachten, hat noch gjin bern en is trije wike lyn syn kapperssaak begûn yn it Fean. Hy is freonlik, wurket kreas en seit ta dat ik myn jild werom krij as myn frou it kapsel net moai fynt. “Ik ben wel aardig zeker van mijn zaak meneer!”