Ik stie út it raam te sjen en seach in auto stopjen. It duorre in skoftsje en doe kaam der stadichoan in âld mantsje út, hy strompele hiel krebintich nei de doar fan de winkel; oan de iene hân de stok dêr’t hy op steunt, yn de oare hân in alarmmelder dêr’t hy wierskynlik in nije batterij yn helje moast.
Blykber ferwachtet er dat de doar automatysk iepen giet, want hy beweecht wat hinne en wer en sjocht wat yn’e rûnte. Dan fielt ’r dochs efkes oan de dûbele doar – krekt de doar dy’t net iepen is – en as dat net slagget, jout ’r it op en strompelet wer nei de auto.
It wie eins wol in grappich skouspul, mar ik betink my ek dat ik it mantsje ek wol efkes op de iepen doar wize kinnen hie. Fan út de winkel komt ek gien inkelde aksje foar harren klant.