Healwei in betiid kuierke kom ik om’e hoeke en sjoch noch krekt dat in mem har soantsje in tút jout foardat hy it hiem ôf fytst. In rêchsekje hat hy efterop. “Do jonkje, oant daalks”, seit sy wylst sy him neisjocht foar it oerstekken oer de grutte dyk.
“Do mem, oant daalks!” Mem stoot noch hurd efkes nei de kant fan’e wei en jout noch ien tút. “Do skat.” It jonkje stekt feilich oer en sjocht op’e oare kant fan de wei noch efkes oer’t skouder en wiuwt. “Do skat!”
Wat in skattich tafrieltsje fyn ik dit wêr’t ik dan ek in glim fan om ‘e mûle krij. It docht my tinken oan eartiids, doe’t wy sels útswaait wurden foar skoaltiid. Wat mei dit jonkje bliid wêze dat hy sa’n leafdefol ûnthaal meikriget. Hy is wol hast wis fan in waarm thús en dat hat tsjintwurdich lang elkenien net mear.