“JA, IK NIM PAPRIKA MEI, DAT KIN DAN BY DE GOERMETTE EN DAN HELLESTO IT FLEIS?!” Ik kom út in winkel en foar de doar stiet in frou spikerhurd yn har telefoan te razen. De lûdsprekker stiet iepen dat wy kinne ek de oare kant fan de ferbining hearre
It is de lêste dei foar de krystdagen en dan moatte der by in soad minsken noch hiel wat boadskippen dien wurde. It is wol bekend dat in minske ûnbemurken wat lûder praat yn’e telefoan, mar dit slacht werklik wol alles.
Hast it heale Fean kin it krystmenu fan dizze frou meikrije. In jong stel stiet in pear meter foar de winkel te laitsjen en tsjin inoar sizzen: “efkes hearre wat sy allegearre noch te bestellen hat.” Blikker moat sy noch nei de grienteman. “OKAY, EN DAN SOARGJE IK NOCH FOAR DE SALADE, DAN BINNE WY WOL KOMPLEET!!!” Lekker ite allegearre