“En no is it út! Ik haw no myn nocht!” In mem stiet op het parkearterrein fan de supermerk foaroerbûge yn de auto op de efterbank in jonkje fêst te setten en it liket derop dat sy it net hielendal mei-inoar iens wurde kinne. Mem smyt der noch in oantal krêftige wurden tsjinoan en slacht dan de doar mei in hurde klap ticht.
Wylst sy om de auto hinne rinne sil nei it bestjoerdersplak, kriget sy ús op it each – wy kuierje der krekt del. “Sorry hjer”, ferûntskuldiget sy har en it grimmitige gesicht sjocht der fuortdaliks al wat freonliker út.
“Jout neat, efkes in kear oant tsien telle en wy binne it allegearre wer fergetten”, sa reagearje wy sa freonlik mooglik en efkes hawwe wy in spontaan petearke wêryn it gesicht fan de mem suver alwer wat opfleuret. En sa kin in tongerbui samar feroarje yn in sinnich momintsje.