Kontrôle

“Hawwe jimme allegearre jimme identiteitsbewiis wol mei?” Wy ride op’e A7 rjochting Grins en binne ûnderweis nei muzykteäterfoarstelling Leviticus 20: 13, oer minsken mei in lgbtqia+ eftergrûn dy’t flecht binne út har bertelân. De spilers en makkers fan dit stik foarmje in kwetsbere groep en dêrom is legitimaasje ferplicht.

“Ferhip nee!”, sa skrikt Nynke – dy’t oars alles yn’e puntsje foarinoar hat – har in huodsje en sy begjint panikerich te sykjen nei digitale needoplossingen. Lykas ús besyk oan it forinsysk psychiatrysk sintrum Mesdag in skoft lyn, is der net folle kâns dat hja der yn komme sûnder de júste papieren.

Wy probearje it… “Passport please”, wurdt yn in stekproef krékt oan Nynke frege by de kaartkontrôle. It swit brekt har út en sy begjint al iverich te sykjen yn har betinksels op’e tillefoan. “Never mind”, grapket de kontroleur, dy’t ek ien fan de spilers is. Pfffttt… wy binne troch de kontrôle.