It gleske wetter dat foar de dûmny by de kânsel stean moat, stiet klear op de desk. Dit is it systeem fan ien fan de kosters om neat te ferjitten of te lang duorje te litten. Eksakt om healwei tsienen skeakelet hy de tsjerkeklok yn en rint nei foaren mei it wetter.
As hy werom komt by de desk, wurdt de klok wer út skeakele. “Sa ferjit ik it net en liedt it nea te lang”, sa hat hy him betocht. Mar op dizze snein rint it krekt wat oars as hy op de weromreis in helpfraach kriget.
De beameraar fan dizze dei is al fan hûs fyts mei it liedende klokje en heart it noch stees lieden as hy De Flambou yn komt. “Binne jo ek wat fergetten koster?”, warskôget hy laitsjend, wêrop de tsjinstdwaande koster fuortdaliks wit wat hy dwaan moat. It is dan fiif oer healwei tsienen…