Klean beslut

“Hast al besluten wat’st oan dochst?” Ik stean foar de spegel en bin my oan it skearen. Wy krije jûn besite en dan stekt it meastentiids krekt wat mear nau hoe’t ik der út sjoch.

“Nee! Ik pak gewoan wat boppe oan op’e stapel leit”, antwurdzje ik mei de wynbrauwen in bytsje omheech en sûnder nei te tinken. Tsja ik gean net – sa’t ik hast alle dagen wol sjoch – foar de kleankast stean te betinken wat-by-wat past en wat net om dêrby somtiden fiif kear te besjen as it my noch wol stjit.

Noch gjin fiif minuten letter haw ik in moai skjin poloshirt oanlutsen en de koarte broek dy’t oer de stoel leit. Ik fyn it prima sa, mar omdat froulju der meastentiids dochs wat oars oer tinke, lit ik myn útsochte setsje dochs mar efkes sjen. “Sjochst der kreas út!” Sa, haw ik dochs it júste beslút naam.