Klaairomte

“Wat hawwe dy mannen it hjir moai!” De doar fan de mannenklaaikeamer yn’e sportskoalle stiet iepen en ik fernim dat in oantal froulju fanôf de hal mei ferwûndering nei binnen sjogge. “Kom der yn”, sa nûgje ik as iennichst oanwêzige keardel en neidat sy harren fersekere hawwe gjin neakene mannen tsjin te kommen, steane der samar fjouwer strakke froulju by my yn’e klaairomte.

Wy meitsje efkes en praatsje, sy sjogge harren de eagen út en alles liket folle moaier te wêzen as op harren ôfdieling. Sels de dûsen skine moaier te wezen. “No, gean jimme gong”, sa stel ik foar omdat der fierder dochs net ien oanwêzich is en ik klear bin om de sportseal yn te gean.

Sa’t it liket giet dit harren krekt fier genôch, want no triuwe se inoar skruten nei de noch iepen steande doar en hâlde it dochs mar by harren eigen klaai- en dûsromte.