Kameleon boekjes

Yn de simmer lês ik altyd in tydsje de Volkskrant. De abonnee is dan mei fakânsje en de krante bliuwt dan mar wat ûnbelêzen op’e moatte lizzen. Boppedat fyn ik it wol in moaie krante.

Fanewike lies ik oer Hielke en Sietske Klinkhamer, krekt ja, dy beide belhammers dy’t yn harren boat de Kameleon en mei kammeraten Kees Dijkstra en Louw Vrolijk de boerefeint Gerben Zonderland wol gauris in poets bakten. It is alwer fiifensantich jier lyn dat it earste boekje mei aventoeren útkaam en wat haw ik dêr yn myn jeugdtiid ek in soad fan lêzen.

By it lêzen fan it artikel yn’e krante oer de skiednis fan de skriuwer Hotze de Roos en de útjouwer Kluitman begûn by my fan alles alwer te kribeljen en ik haw ik net lang mear wachte om it earste diel op myn e-reader te downloaden. Ik haw der nocht oan: Kameleon Ahoy!