Joop syn presintaasje

“Ik bin tusken de filmkes wei knipt”, sa hat Joop al ûntdekt nei it besjen fan de muzyk fan de Feanster Music Night op YouTube. Noch nea earder hie hy sa’n muzykevenemint presintearre en der yn’t foaren dan ek wol in nachtsje wekker fan lei. Fansels wol hy de opnamen dan ek graach werom sjen.

Joop hat dêrom it totale bestân fan tsien Gigabyte thús krige, mar dit is fansels fierstente swier foar syn kompjûter en dêrom sette wy it op YouTube sadat hy allinnich mar op in linkje hoegde te klikken. Mar no slacht alles fêst troch de auteursrjochten.

As it net linksom kin, dan dogge wy it rjochtsom en om Joop dochs sjen te litten hoe geweldich hy it dien hat, hawwe wy no de artysten deromhinne wei knipt sadat der in opname fan fyftjin minuten oerbliuwt mei allinnich Joop syn presintaasje. De auteursrjochten lizze hielendal by Joop.