Hitster

It is Kryst, de famylje komt tradysjegetrou byinoar. Kofje mei gebak, in buorrel… Dan stelt der ien foar om in spultsje te gean dwaan: Hitster. Yn teams nei popferskes lústerje en dêr it jiertal fan sizze en punten skoare mei it kinnen fan titel en artyst.

Tegearre mei skoanheit foarmje ik in team en om earlik te wêzen fiel ik my no al wat by de âldere garde hearren. Wy witte net fuortdaliks wat wy mei ús punten kinne, hoe yn te brekken by oare teams en ek de measte nûmers kinne wy net iens, of wy kin sa hurd net op’e titel komme.

Mar dan skâlt Oerend Hard fan Normaal út de lûdsprekker. Wy spatte allebeide oerein en sette alle boanussen yn dy’t wy noch hawwe. Der is al net safolle mear te beheljen, mar hoewol’t ús team al hast útskeakele wie, dogge wy no wer ‘oerend hard’ mei.