It is falentynsdei, ik bin al in skoftke wekker en fyn it stadichoan wol tiid om te sjen as myn oarehelte al oan it opstean ta is. Ik haw in lyts aardichheidsje foar har op dizze dei fan de leafde…
Om har foarearst dochs mar net wekker te meitsjen, stap ik hiel stil by de trep omheech en iepenje sa rêstich mooglik de sliepkeamer doar. Ik hear hielendal gjin reaksje, dat ik tink dat sy noch sliepende is. Foarsichtich slûp ik nei de râne fan it bêd en kom súntsjes tichteby.
Ik sakje troch myn knibbels en sjoch har in tydsje stil en leafdefol oan. Dan wurdt sy wekker, sjocht my ien kear oan en skrikt sa fan myn gesicht sa betiid op’e moarn al sa tichteby dat ik in flinke klap yn myn gesicht krij. It kadoke fynt sy moai en wie hawwe dochs noch in moaie falentynsdei hân.