Wy sitte yn in besite mei sa’n tolve minsken rûnom in tafel. It is in gesellich keuveljen, kofje, gebak… Dan is der in piipke te hearren, elkenien is efkes stil. Nimmen reagearret mar úteinlik is der dochs ien dy’t efkes op’e telefoan sjocht en mei har partner begjint te oerlizzen.
“De buorren steane by ús foar de doar”, sa kinne sy sjen op de kamera thús. “Dy komme fêst op besite, want sy hat har hântaske by har.” Hy reagearret nochter: “No, sy hawwe wol in kaai, en oars komme se oare wike mar wer.”
“Mar sy komme fêst foar dyn jierdei, miskien hawwe wy it net goed ôfpraat”, twivelet sy en sy begjint alfêst te skiljen. “Ja, ik tink wier dat sy op besite komme, want sy hat har hântaske by har.” It blykt yndied ferkeard ôfpraat, no komme se in wike letter. Buorfrou nimt fêst har hântaske mei.