“Je hebt de hoofdprijs gewonnen!” It is alwer in jier lyn dat ik belle wurde, ik wit it noch krekt hoe’t ik hielendal ferbjustere op’e trap stie en it net leauwe woe; wy betelje ommers altyd de haadpriis yn stee fan dat wy wat winne.
“Wa bin ik dan?”, sa woe ik witte om der wis fan te wêzen dat ik der net tusken naam wurde, mar it wie dochs werklik wier, wy koene in jier lang boadskippen dwaan by de bakker foar fyftjin euro yn’e wike.
Wy hawwe fuortdaliks de famylje útnoadige en traktearre op kofje mei gebak, it hiele jier lang folop genoaten fan bôle, crackers, broadsjes en beskút. It jier fan de haadpriis is rap gong en no wer foarby, wy betelje fuortoan wer gewoan ús stikje bôle en ite der net minder om. En wa wit winne wy yn’e takomst wol wer ris sa’n moaie haadpriis.
