Dêr skrok ik fan’e wike dochs wol in bytsje doe’t ik in bêste boete yn myn mailbox fûn. Ik hie in foto op myn webside brûkt dy’t net fan my wie, de orizjinele foto en ôfbylding fan myn artikel stiene derby.
Dat kin wol kloppe, mar ik helje foto’s altyd fan siden dêr’t dat frij kin. Yn dit berjochtsje wurde lykwols praat oer auteursrjocht en sa. No dêr wol ik net tefolle gesoademiter mei hawwe, ek al leau ik net yn de wierheid fan dizze boete omdat der skreaun wurdt oer in koarting op it bedrach as ik rap betelje.
Wol haw ik fuortdaliks alle plaatsjes dy’t net fan mysels binne fuort helle en ek haw ik in begjin makke mei it opromjen fan myn berjochtsjes yn dizze media, dy’t der sels noch opsteane oant 2010. Dat kin noch in tsjokke boete wurde en dat gesoademiter wol ik net hawwe.