“Hey hoi!” Ik leau dat ik krekt wat te entûsjast bin yn it begroetsjen fan de jongedame dy’t drekst nei my de winkel yn komt. Sy sjocht my nammentlik nochal ferbjustere oan en as wy dan each-yn-each tsjinoer inoar steane, sjoch ik it ek wol: dit is net de persoan dy’t ik foar eagen hie. Sy liket der dochs wier wol in bytsje op…
“Mar dochs in goemoarn”, sa probearje ik myn fersin wat te bagatellisearjen en rekkenje myn boadskippen ôf. As ik sa’n tsien minuten letter troch it doarp kuierje mei myn boadskiptaske, kom ik deselde jongedame wer tsjin op it parkearterrein.
Dizze kear doar ik wat entûsjaster te groetsjen en sy sjocht no ek net mear ferbjustere mar kent my ek werom. “Jo kinne ek rap rinne”, sa konkludearret sy. “Tanke wol, in noflike dei fierder”, groetsje ik har en moat efkes laitsje om dit koarte entûsjaste moetinkje.