Eksploazje gefaar

Wy hiene noch in eko-haardblok lizzen dat wy ea út’e dielkast helle hiene en dat soene wy fan ‘e jûn mar ris yn’e kachel dwaan. It stookhout wie op en dit eko-blok soe ús de jûn fierder wol troch helpe.

It blok begûn al yn in minútsje flink flam te fetsjen. Mar dêrnei gong it wol hiel hurd, it is dat wy in tichte kachel hawwe, mar oars wiene de flammen der oan’e bûtenkant wer útslein. It gie der om wei en tafier fan loft beheine joech allinnich mar eksploazje mominten fan de gassen yn it blok.

Mei in temperatuer fan sa stadichoan hast fjouwerentweintich graden yn’e keamer moasten wy it allegearre mar ôfwachtsje en ûndertusken hiene wy al in pear amers wetter klear stean. Gelokkich wie it fjoer oan’e ein fan’e jûn útbrând en kearde de rêst yn ús wat werom. Sa’n eko-blok sille wy sikerwier nea wer brâne.