Tegearre mei Johan meitsje ik efkes in kuierke, om wat kreative en muzikale ynspiraasje op te dwaan. Wy keuvelje oer fan alles, eat wat by froulju ‘kletsen’ neamd wurdt. “Us heit gong altyd praten oer eartiids doe’t hy âlder wurde”, fertelt Johan en hy wit noch wol dat syn heit bliid wurde as sy it der oer hiene.
“Hjir hat eartiids de Gado sitten”, seit Johan as wy oer de Mr. Klokmanstraat kuierje. Dat wit ik ek noch wol en wy prate oer de giele Leyland-Den Oudsten bussen wêr’t sy yn riden.
“Hjir gongen wy eartiids nei skoalle”, wiist Johan as wy efkes letter by basisskoalle De Hoekstien oan de Badlaan del rinne. “Dan krigen wy fan ús mem augurken yn plakjes oprolle boaterhamwoarst mei as wy ús jierdei fierden.” Dat wit ik ek noch wol en allebeide wurde wy suver wol in bytsje bliid. Ja, wy wurde ek âlder…