Eamelje

“Wat in yngewikkeld systeem is dit hjir!”, seurt in âldere frou tsjin har man dy’t efter har rint. Wy sitte yn de wachtkeamer om bloed te prikken en dêrfoar moat elkenien in nûmerke lûke dat dan wer op in skermke ferskynt as de beurt der is.

It systeem stiet hiel dúdlik yn stappen útlein en is eins hiel ienfâldich, mar de minsken dy’t hjir sitte te wachtsjen fine dit blykber net. “No, wat in sike minsken sitte hjir”, eamelet in âldere man dy’t der dan ynkomt en al nei fiif minuten tsjin syn frou jeuzelet dat it dreech rint. “Dat wurdt fan’e middei neat mei myn fiskjen.”

“Wat in drokte”, hearre wy dan foar de safolste kear in opmerking wêr’t hja net fleurich fan wurde. “Ik mien wolris dat ik lestich bin”, flústeret Nynke my ta, mar ik kin har fuortdaliks gerêst stelle: “Ik fiel my wier in segene man.”