Yn rap tempo sjoch ik him op my ôf komme kuierjen, in jongeman mei in bosk krolhier, rêchsekje efterop en… drok dwaande mei syn telefoan. It liket derop dat hy wat typt. Wierskynlik sjocht hy út syn eachhoeken wol wêr’t hy del moat,
Undersykjend as ik altyd wol in bytsje bin, wol ik wolris witte hoe grut dy eachhoeken eins binne. Opsetlik koers ik in bytsje mear op him ôf en in pear sekonden letter is my wol dúdlik dat syn sicht net hiel rom is en dat elk pealtsje dat der stien hie in oanfarring betsjut hie.
“Ekskús, ekskús!”, seit hy as wy each yn each tsjinoer inoar steane. In tel letter is hy alwer drok rinnend dwaande mei syn telefoan. Alle dagen sjoch ik dit om my hinne, net allinnich tidens it kuierjen, mar ek op’e fyts en sels yn’e auto. Eins is gewoan kuierjen net sûnder gefaar.