Mem en de famkes binne de lêste tiid wol aardich dwaande mei duorsumens. Alles wat bygelyks fan plestik is en dat net hoecht te wêzen, keapje sy net mear en wurdt op in oare manier brûkt. Heit lûkt him der net safolle fan oan, dy bliuwt gewoan syn stikjes bôle meinimmen nei it wurk yn bôlepûdsjes.
It dreechste dêrfan is dat hy de bôlepûdsjes yn it breatrompke mei nimt en tinkt der net oan om dit te feroarjen. De famkes fine it hielendal neat en hawwe heit al meardere kearen goed dúdlik de wierheid sein, mar hy lûkt ’m der lykwols neat fan oan.
Mem stiet fansels hielendal oan de kant fan de famkes, mar bliuwt der yn de striid om gelyk in bytsje tuskenyn stean. Mar no hat mem okkerdeis dochs in hiel goed wapen fûn: sy keapet gewoan gjin bôlepûdsjes mear. No mar ris sjen hoe’t heit reagearret.