Dream

“Ik haw oer dy dreamd”, flústeret in blonde jongedame my yn it ear as sy my tsjinkomt yn in winkel yn Surhústerfean. De ynhâld fan de dream wurdt my net ferteld, mar it sjocht der foar my net al te bêst út: ik bin dea! “Dêrom bin ik ek bliid om dy te sjen”, slút sy har bysûndere iepenbiering of.

It is amper foar te stellen hokfoar ûnderwerpen of persoanen somtiden yn hja dreamen foarkomme kinne. It is nea dudlik as it te meitsjen hat mei saken dy’t dy dwaande hâlde, dy’st ea meimakke hast of wa wit noch meimeitsjenk.

Fansels kinst oer alles en noch wat wol fantasearje, dy gedachten hast wol aardich sels yn’e hân, oer dyn dreamen hast net safolle te sizzen. De iene dêr wurdst wat minder bliid fan, oare kearen is it suver wol aardich. Dit begjin like my wol aardich, it ein wat minder.