By de tiid

De kompjûterman hat it der mar drok mei. Heal oktober is der in update by in bestjoeringssysteem en moat der by in hiel soad brûkers in nije kompjûter komme. De kompjûter fan’e tsjerke is der efkes foar in lytse reparaasje, mar skynt ek net mear hielendal by de tiid te wêzen.

It nije bestjoeringssyteem past der net mear op, der moat in nij apparaat komme. As in lyts jonkje yn de boartersguodwinkel mei ik in kompjûter útsykje en tegearre mei de kompjûterman stel ik in systeem gear wêr’t wy wol wer in pear jier mei foarút kinne.

It kin wol efkes duorje foardat it klear is, want de kompjûterman hat it der mar drok mei. Ik fyn it net sa slim en kontrolearje ûndertusken as de kompjûterprogramma’s allegearre noch by de tiid binne. It bliuwt moai wurk om de tsjerke ek efter de desk wei by de tiid te hâlden.