By de tiid

Alle dagen lústerje ik wol nei de radio. Altyd muzyk, op’e hichte bliuwe mei it nijs en sy fertelle ek regelmjittich hoe let as it is, it is in kanaal wêr’t hja wol by de tiid bliuwe. Fannewike stie op in middei de tiid foar my efkes stil.

“Het is elf over half zes”, sa fertelde de presintator oan de harkers. No moast ik efkes neitinke, hoe let is it no eins. By tiidsoantsjuttingen lykas ‘fiif oer healwei seizen’ haw ik fuortendaliks yn’e smizen hoe let as it is, mar dit…

Neidat ik efkes neitocht hie, wist ik wol dat it iten hast op it fornús koe, mar ik bleau skodholjen by dizze tiidsoantsjutting. Myn gedachten gongen efkes werom nei it kloklêzen op’e basisskoalle, mar koe net weromhelje wat de regels krekt wiene. No ja, ik wit hoe let as it is, om seis oere stiet it iten op tafel.