Bûsmes

Yn hast alle kamping- of kuierguodwinkels wurdt myn oandacht lutsen nei it fakje wêr’t de bûsmessen lizze, mei nammen dy moaie reade Switserse messen mei in hiel soad funksjes. Alle kearen wer lit ik se mar lizze, want sy binne aardich prizich en ja, wêrfoar sil ik sa’n ding brûke?

Juster moast it dan dochs mar wêze: ‘jonge, nim sa’n ding no mar mei!’ Sa bliid as in bern stean ik efkes letter by de kassa. “Dat binne echte man-dingen hin”, merkt de kassier op.

Thús wol ik fansels alle funksjes sekuer ûndersykje en al gau haw ik útfûn dat it mes wol aardich skerp is, ik haw bloed oan’e finger. Mear ûndersyk besoarget my ek noch in snij yn in oare finger. “Hiest net better fuortdaliks ek in ferbândoaske keapje kind?”, hear ik dan gekjeiend. No ja, ik wit no ek wol sa’n bytsje wat myn meske allegearre kin.