“Ik kin it wier net mear sjen!” Myn broer is efkes by ús en mei syn earmtakke sa fier as mooglik fan him ôf probearret ‘r in berjochtsje op’e tillefoan te lêzen. Teun is ek hast fyftich en dan begjinne dat soad dingen wolris wat minder te wurden. “Kinsto dat noch lêze?”
Om yn de fierte te sjen haw ik al wol fjirtich jier in bril op, en de lêste jierren slagge it ek my net mear om alles wat tichtby is skerp te krijen. Mei ‘variofocus’ of sokssawat is dat hielendal oplost, mar as ik út en troch myn kontaktlenzen yn haw, slagget lêzen my net mear. Dêrfoar haw ik in goedkeap lêsbriltsje oanskaft dy’t ik Teun sjen lit.
“Och heden, no kin ik alles wer sjen”, laket ‘r ferrast, “Ik sil fuortdaliks nei de winkel om ek sa’n ding.” In wrâld is al foar him iepen gien.