Boete

Yn’e mailbox fan ús organisaasje fyn ik in berjochtsje oer in parkearbon dy’t wy betelje moatte, en wol rap ek, oars wurde stappen ûndernaam. Ik haw fansels fuort wol yn’e smizen dat dit spam is, mar kin it net litte om it efkes yn de WhatsAppgroep te goaien.

“Wa hat dit dien en hoe moatte wy dit betelje?”, skriuw ik der helpleas by. Ynienen bin it allegearre reaksjes. ‘Neat mei dwaan’ , ‘gau fuortgoaie’ en noch folle mear wize ried. “By hokfoar bank binne wy?”, sa stook ik de boel noch efkes op, “want ik haw op ‘betalen’ drukt en no wolle sy fan alles witte.”

“Neffens my moatst der neat oan dwaan”, jout noch ien in wize ried mar dan is der ien dy’t yn’e smizen hat dat it in grapke fan my is. “Wy binne by de Spaar en Voorschotbank”, is het lêste berjochtsje dat ik derfan sjoch.