#11 Boadskippen

Foarige wike bin ik efkes mei west om boadskippen te heljen foar in âldere frou dy’t der eins net mear út doart. Ik bin der wier fan skrokken sa benaud as dy minsken binne foar dat corona-firus : fuort neidat de doar iepen giet, docht sy fiif stappen efterút, it ienigste útsje dat sy deis makket is nei de brievebus ûnder it appartemint en dan wasket sy de hannen fuortdaliks omdat sy it knopke fan’e lift oanrekke hat.

De wrâld is wier isolearre en deabenaud, dat it sa slim wie hie ik eins net iens yn’e gaten. Dan moat ik my noch mar wat stilhâlde fan krimmenearjen mei mei myn iensumens; ik kin teminsten noch in slach om gean en wat foar oaren dwaan dy’t dat net mear kinne of doare. Moai dat wy der wêze kinne foar inoar. Litte wy dat dan ek mar dwaan salang it noch kin.