“Hast wat goed te meitsjen?”, ropt in stim fanôf de oare kant fan’e wei as ik by de blommist nei bûten kom mei in boskje blommen op’e earm. “Nee hjer, ik doch dat gewoan omdat it út en troch sa moai is”, antwurdzje ik en de ferkeaper besjocht it noch efkes wat skerper: “ast wat goed te meitsjen hast, is it eins alwer te let.”
Soe it wier sa wêze dat alle mannen dy’t mei in boskje blommen thúskomme wat goed te meitsjen hawwe, sa betocht ik my, of soe it gewoan it iennichste grapke wêze dat dêrfan te betinken is? Of soene de froulju dy’t in oare man mei in boskje rinnen sjogge stikem in bytsje jaloersk wêze dat it net har man is dy’t mei dizze ferrassing thúskomt. Ik wit it net, mar wol dat de blomkes by my thús troch in strieljende leafhawster yn ûntfangst naam binne.