Bewege

“Bist ook eem an’t fiets’n jong?” Wy hawwe inoar al jierren net sjoen en hjir yn’e sportskoalle haw ik him ek noch net earder sjoen. Ik bin krekt in pear minútsjes oan’t ynfytsen, hy klear. “Hja moat al wat bewegen bliuwe no”, antwurdzje ik.

“Ja, wy liep’n deze summer in Gran Canaria”, sa stekt hy útein en fertelt dat ‘r nochal skrokken is fan it oantal minsken dy’t mar kwealik âlder binne as him dat dêr al omstapt mei in rollator of yn in rolstoel sit. Hy hat fuortdaliks aksje ûndernaam, fan dêr ús moeting.

Ik wiis him op myn heit dy’t mei syn 81 jier noch altyd fit is, alle dagen kuieret en syn hiele libben bewege hat. “Knieën omhoog!”, sa raast de ynstrukteur oer de muzyk hinne nei de froulju wêrtroch ik wer ynspirearre wurd om hurder te gean traapjen. Kletse dogge wy in oare kear wol wer.