Benzinelucht

Wy wiene efkes te kanofaren west yn it park Alde Feanen by Earnewâld, hearlik yn’e rêst en natuer. Doe’t wie wer thús kamen wurden wy oerfallen troch in swiere benzinelucht. Earst tocht ik noch oan it benzineklepke fan de auto nei de tankbeurt fan fiif minuten lyn, mar dat wie it net.

De motor dy’t yn’e garaazje stiet moat de oarsaak wêze, mooglik haw ik it benzinekraantsje iepen stean litten. By kontrôle hjirfan wurde myn eagen hast like grut as de dop fan de benzinetank: de benzinekraan is hielendal fuort.

Nei in koarte syktocht fyn ik fierderop yn’e garaazje in kraantsje, in fearke en in ôfslútring en ûntdek ik dat de benzinetank hielendal leech is wylst ik dizze by myn lêste tochtsje noch fol tankt hie. Ik begryp der hielendal neat fan, mar snap wol dat motorriden foarearst neat wurdt.

No ja, earst de doar mar iepen foar frisse lucht.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *