Bekende gesichten

“Ik kin dy wol fan gesicht, mar ik wit net mear wêrfan.” Op in resepsje wurd ik oansprutsen troch in man fan middelbere leeftiid en ik reagearje fuortdaliks itselde: dizze man kin ik ek, mar ik kin him net teplak bringe.

Wy begjinne mei it neamen fan ús nammen, wenplakken en wa’t wy fertsjinwurdigje op dizze resepsje. De Feanster Music Night, dêr hat hy noch nea fan heart en dus besykje wy yn’e wyldewei fierder. De polityk? Ferieningen? Wurk? Ik fertel dat ik wol in bekend gesicht haw kin trochdat ik jierrenlang by ferskate eveneminten foaroan stie as fotograaf foar de krante, mar it kwartsje falt net.

Dan ynienen betink ik my dat ik him kin fan de revu yn Koatstertille. Hy hat hjir wol spile en skreaun en ik haw hjir jierren lyn wol foto’s en ferslaggen fan makke. Wy hoege fannacht net wekker te lizzen fan dizze kwestje.