Beisop

“Wat tinkst, soe dit noch kinne?” Heit hat by in oprom-aksje noch in potsje beisop fûn fan hiel wat jierren lyn. “Dizze hat Hanny noch makke…” Hy tinkt alwer oan it toarnbei sykjen, eat wat sy yn it ferline tegearre in hiel soad dien hawwe. Hûnderten potsjes jam en beisop hawwe sy fabrisearre.

Ik ha it net op mei dy hâldberheidsdatum dy’t tsjintwurdich oeral op steane, mar dit is wol hiel lang lyn. It gewoan mar priuwe, der haw ik dochs it measte fertrouwen yn. As der ‘alteast hâldber oant…’ op stiet, is it guod yn myn belibben net de oare moanne wei.

“Hjir mankearret neat oan”, sa oardielje ik neidat ik foarsichtich in leppeltsje nim en der oandachtich fan priuw, “mar it moat no gjin wiken mear yn’e kuolkast stean.” Ik sjoch heit glunderjen en wit no al dat syn skaaltsje yochert fan ‘e jûn hiel bysûnder smeitsje sil.