Serieus

“Moatst efkes de slachrjemme fan dyn kin ôfhelje”, seit sy midden yn har petear mei Peter, dy’t krekt wat te begearich mei syn stikje apeltaart dwaande west is. “Sa kin ik dy net serieus nimme.” Peter faget kuerich syn kin ôf. Johan sit neist Peter en betinkt him net en…

Moaie reiskes

Yn in telefoantsje op myn jierdei fertelt in kammeraat fan my dat ien fan syn dochters har baan op sein hat en foar sân moannen op reis is nei Australië. Ik moat dêrfan efkes skodholje, mar yn dizze tiid skynt soks al hielendal net bysûnder mear te wêzen, se nimme…

Wrâldreis

Nynke wie nei de bingo en ik hie wol nocht oan in lekker rêstich jûntsje. Healwei de jûn noch efkes in slachje om, ik helle by heit alfêst in buorrel en dan is it ynienen ôfrûn mei de rêst: mei allegearre toeters en bellen krij ik berjochtsjes mei filmkes dat…

Ferskes yn’e hichte

“Werom dogge jimme dy ferskes altyd sa leech yn it skerm?” In âld en lyts froutsje út de gemeente komt mei dizze fraach by ien fan de beamergroep. “Der steane faak grutte minsken foar my en dan kin ik it net sjen…” “As jo dan twa banken nei foaren geane,…

Levensverhalen

Bijna iedere dag zie ik ze voorbij komen, de overlijdensadvertenties in de kranten. Veelal scan ik de namen en blijf wat langer hangen als ik iets bekends denk te zien. ‘Och heden’, zo schud ik dan soms even mijn hoofd bij een oud-collega of een vroegere kennis. ‘Nee toch?!’, als…

Lintsje

Moat ik net ris sjen om in oare printer, sa betink ik my as myn âlde fertroude masyntsje stees mar ôfdrukken fan minne kwaliteit jaan bliuwt. “Brûkt heit dat âlde printerke noch in soad?”, sa doar ik him te freegjen, omdat ik wit dat hy krekt sa’n merk laserprinter hat….

Ferrassingsmomint

“Is it in kadoke?” De freonlike jongedame yn’e winkel stiet al yn’e hâlding om oan’e slach te gean mei ynpakken en hja doare dan ek amper ‘nee’ te sizzen. In pear tellen letter hat sy al in grut ein plastiken foly fan’e rolle skuort, wurdt de foly der mei in…

Erfeniske

“Sjoch, dizze is fan dy.” Ik bin noch mar krekt by heit de keamer yn stapt of hy lûkt in laat iepen en hellet dêr sa’n grien, heal ferpaupere album út. De lêste tiid sit hy wol gauris yn’e âlde foto’s te sneupen en no hat’r in boek fûn mei…

Evergreens

Elk jier rûnom dizze tiid krij ik in berjochtsje fan in hiele goeie muzykfreon dy’t my dêrmei wiist op de Evergreen Top 1000. Fansels haw ik dizze perioade al lang yn myn aginda stean, want ek Radio5 wiist regelmjittich op de moaiste muzyk út it ferline, mar dit kontaktsje soarget…

Wat west hat

“Ast ien kear yn’e foto’s sitst…” Heit fertelde it my ferline wike neidat hy in moarntiid yn’e fotoboeken sitten hie en syn tiid foarby flein wie. No bin ik sels dwaande mei it op oarde bringen en digitalisearjen fan myn âlde fotoboeken en fernim it sels. Ik lês de ferhaaltsjes…