As in healewize stode sy somtiden troch de keamer, it poeske Tess dat no alwer in pear wike by ús yn’e hûs is. De earste dagen siet sy noch wol wat skruten ûnder de bank, kast of efter it gerdyn, mar dêr kaam al gau feroaring yn.
Al in pear dagen nei de ferhuzing wiene alle banken, stuollen en finsterbanken yn folle feart fan foar oant efter yn’e keamer ferkent. Mar dizze moarn lei sy mear dea is libjend yn’e koer en bleau dêr lizzen. Hjir doocht wat net en in dei letter lûke wy oan’e bel by de bistedokter.
In flinke ynfeksje mei behoarlike koarts, sa docht bliken. Gelokkich binne dêr piltsjes foar en in dei letter knapt Tess al aardich wer op. Twa dagen nei dizze dip sjoch ik alwer benaud nei ús healwiis fleanende jongkat oer ús meubels. Ik bin bang dat sy net allegearre ‘hufterproof’ binne.
