Struktuer

Dat moat dêr stean en dy planke moat dêr hinne…” Geduldich wachtsje ik op de ynstruksjes fan myn oarehelte dy’t de boutekening fan de kleankast – dy’t wy by de grutte blau mei giele Sweedse meubelwinkel kocht hawwe – sekuer bestudearre hat.

Yn myn manier fan oanpak is it meastentiids frij flot in grutte gaos om it bouwurk hinne, en hoewol ik it altyd wol klear krij, fynt sy dat mar neat; it kin wol mear strukturearre en derom lústerje ik dizze kear geduldich nei wat my opdroegen wurdt.

Al neidat wy fjouwer swiere planken oaninoar keppele hawwe, begjint it al sa’n bytsje op in kast te lykjen, mar net folle letter blykt it der allegearre krekt oarsom út te sjen, it moat dochs oars. Uteinlik haw ik it putsje allinnich dien makke, hielendal op myn eigen manier. Mar de kast stiet no wol en de klean sitte der yn!