Wikseltruuk

Nei in aardich eintsje kuierjen rûnom Earnewâld wie der yn de lêste kilometer noch in stikje wetter dat oerstutsen wurde moast. Foar ien euro per persoan wie der in pontsje dat ús oersette koe, mar op it boardsje stie hiel dúdlik dat wy kontant betelje moasten. Dat is in hiele toer mei allinnich mar in briefke fan twintich yn’e beurs.

De skipper mar efkes leaf oansjen, sa tochten wy en dat diene we dan ek mar, want oars siet der neat oars op dan it hiele stik fan sa’n trije kilometer werom te rinnen. De man makke der gjin probleem fan, fansels wiene wy net de ienichste sûnder lytsjild.

Hy pakte twa putsjes mei tsien losse euro’s, frege ús om it briefke fan tweintich yn in molkbus te smiten en dêrnei noch twa euromuntsjes út ús pûdsje wei der efter oan. Sa ienfâldich wie dit probleem oplost, tanke wol pontsjeskipper!