Tsjilp… tsjilp… Ik sit oan myn moarnsiten as ik hiel tichtby in lûdsje om de tweintich sekonden hear. Yn de finsterbank efter my ha’k al sjoen en ek as ik by it oanrjocht stean, komt it krekt fanôf de oare kant. Ek haw ik al buten stien te lústerjen, mar it is ek net in fleurich fûgeltsje. It bliuwt mar oanhâlden, ik wurd stees nijsgjirriger en wol witte wat it is!
As ik ien fan de seane aaikes dy’t op tafel klear lizze tsjin myn ear hâld, is it mystearje oplost. “Ik haw it fûn”, rop ik bliid, “moatst mar ris heare oan it aai.” Ja, ja, wa’t my in bytsje kin, nimt soks net fuortendaliks serieus en tinkt der net oan om in aai tsjin it ear te hâlden. Nei it skillen fan it aaike – mei wierskynlik in gatsje – is it lûdsje fuort. It aaike smakke bêst.