It is alwer in oantal wiken lyn dat myn koarte broek foar in skoftsje de kast yn gie, it waar wurde wat oars. Dat wie ek fuortdaliks te merken as ik bûten kaam: by in fytstochtsje bleau der al gau in dripke ûnder de noas hingjen, net sa spannend. Mar yn dizze tiid fan korona en alle dagen wer nijs oer in oantal besmettings dat mar trochgiet, is dat in hiel aventoer. Ik moast de oare deis mar thús bliuwe want stel dat ik oare minske oanstekke soe…
No ja blikstienders, doe briek my dochs wol hast in klomp. It is noch nea oars west as dat ik medio septimber of oktober wolris in dripke ûnder de noas hân ha. Lykas as oare jierren brûk ik keurich myn levertraan en wurd ik wier net siik. Doch normaal, mei in dripke ûnder de noas bin ik wier net snipferkâlden of besmetlik.