Entûsjast moetinkje
“Hey hoi!” Ik leau dat ik krekt wat te entûsjast bin yn it begroetsjen fan de jongedame dy’t drekst nei my de winkel yn komt. Sy sjocht my nammentlik nochal ferbjustere oan en as wy dan each-yn-each tsjinoer inoar steane, sjoch ik it ek wol: dit is net de persoan…
Spesjale froulju
Al wiken bin ik dermei dwaande: it bouwen fan in website, it ynskriuwformulier en it meitsjen fan de meisjongpresintaasje sadat sa’n hûndert froulju op sneon 9 novimber in moaie dei belibje kinne mei harren frouwenspesjal. As hast iennichste man bin ik dizze dei oanwêzich. Wol in hiele drokte tusken al…
Sint-Maarten
“…en daar komt Sint-Martinus an!” In groepke fan fiif jonges en famkes stiet by ús foar de doar begrutlik te sjongen. It sil ’m wol oan my lizze, mar it slagget my by dit soad eveneminten nea om hiel entûsjast te sizzen hoe moai as sy wol net song hawwe…