Bak ha?

It is fiif oere as de belle by ús foardoar giet en dat is hiel faak de tiid foar kollektanten dus ik nim alfêst wat jild mei nei de doar. Mar der stiet gjin kreaze kollektant mar in grauwe en suterige keardel yn wurkklean: Jo moat in bak ha?!!” Efter him sjoch ik op ús oprit in frachtwein stean mei grutte boukonteners derop.

Sûnder in wurd te sizzen keart de man him wer om neidat ik sein haw fan neat te witten. Hy klimt wer in syn kabine, sjocht op in papierke en ûntdekt dat der efkes fierderop wêze moat. “Sorry”, seit hy noch, in hiel stik freonliker dan dat hy krekt frege as ik ‘in bak ha moast’ en hy set syn frachtwein yn beweging.

Ik bin net fan’ e kaart of sa, mar ik moat dochs efkes mei de holle skodzje oer de optimaal Fryske manier fan presintearjen.

Scroll naar boven