In spontaan potsje tafeltennis ûnder in besite op’e Veluwe in skoftke lyn kaam ús ôfrûne freed op in jierdeibesite yn ús eigen doarp wer yn’t sin. Sa’n pingpongtafel soene wy hjir ek hawwe moatte. In rappe syktocht op Marktplaats bringt it plan dan ynienen wol hiel tichteby de werklikheid.
In entûsjast telefoantsje letter is de oanhingwein om de pingpongtafel op te heljen al regele al foardat de oankeap beklonken is en de oare dei stiet de oankeap al rûn kofjetiid yn it Fean. Ek binne der dan al pingpongballen en in net oanskaft.
Nei in bakje kofje mei gebak (noch fan de jierdeibesite) is de pingpongtafel al ôfladen, ynstallearje en folop yn gebrûk naam en trije dagen dêrnei stiet de earste wedstriid al op it programma mei nei ôfrin in wiere pingpongborrel. Der wurdt al praat oer in pingpongkompetysje, in pingpongklup en fansels moat der dan ek in pingpongbestjoer komme.