Froulju

Sommige froulju begjinne by harren aktiviteiten yn’e hús mear as ien en twa kear op in dei samar te praten, en ast dan fregest wat se krekt sein hawwe dan is it antwurd faak: ‘ah neat jong, ik praat wat yn mysels.’ Dan probearrest har praten wat te negearjen sadatst…

Tûzend

‘Net mear as tûzend’, sa jout de #hashtag oan fan de rubryk Samar-in-momint-yn-tfean dy’t ik regelmjittich meitsje en ik siet my okkerdeis ris ôf te freegjen wannear ik no einliks ris oan dy tûzend ta wêze soe, it sil dochs hast ris wêze nei sa’n twa jier skriuwen. Doe bin…

Blomke

“Hast wat goed te meitsjen?”, ropt in stim fanôf de oare kant fan’e wei as ik by de blommist nei bûten kom mei in boskje blommen op’e earm. “Nee hjer, ik doch dat gewoan omdat it út en troch sa moai is”, antwurdzje ik en de ferkeaper besjocht it noch…

Laminaatsnijer

“Is in laminaatsnijer net wat foar dy?” Dizze suggestje wurdt my dien omdat ik al in tiidsje dwaande bin mei it lizzen fan sa’n flier op’e souder. Ik doch dat op myn eigen amateuristyske manier en moat foar elke planke nei de garaazje om dizze op maat te meitsjen mei…

Fiskje

It wie hast iterstiid en ik hie wol nocht oan in hearinkje. By de fiskwinkel seach ik krekt in klant nei binnen ta gean en doe’t ik de doar iepene om binnen te stappen, seach ik wol dat ik de fjirde klant wie, wylst der tsjinwurdich mar trije yn meie….

Boadskippen

Foarige wike bin ik efkes mei west om boadskippen te heljen foar in âldere frou dy’t der eins net mear út doart. Ik bin der wier fan skrokken sa benaud as dy minsken binne foar dat corona-firus : fuort neidat de doar iepen giet, docht sy fiif stappen efterút, it…