“Kinne wy betelje mei PayPall?” Wy sitte ûntspannen op ús terraske te genietsjen fan it moaie waar, de stilte en ús frije sneon as ik dizze fraach krij mei fuortendaliks de útlis der by. “Ik gean in app keapje wêrmei ik echt hie-iel slank wurd!” Ik leau it fansels hielendal, mar moat dochs wol in bytsje laitsje en it earst noch mar ris sjen.
It giet om it Chinese programma Tai Chi-walking en as ik it leauwe mei, fleane de kleanmaten aanst fan XL nei M. “Dit komt hieltiten mar wer op myn tiidline”, sa giet de útlis fierder, mar ik tink dat dit in hiel oare oarsaak hat.
In pear minuten letter hear ik al entûsjaste lûden út de sliepkeamer wei kommen. ‘Welcome to your Tai Chi-walking, are you ready?’ Der is earst betelle foar in moanne, ik bin benijd hoe slank as it der dan allegearre út sjocht.