Ienrjochtingsferkear

It is hjir ienrichting hjer!” In ferûntweardige autorider set syn auto in bytsje dwers op De Kolk by de krusing mei de Groningerstraat en draait syn raampke iepen om dizze boadskip oer te bringen.

De âldere mefrou foar wa’t it boadskip bestimd is, skrikt der suver fan.

Oeh hea, dêr hie ik nea wer om tocht”, en sy set har auto oan’e kant fan’e dyk. Ik sjoch it allegear barren en ek hoe’t se efkes letter foarsichtich har bêst docht om de auto te kearen. Ik beslút om har te helpen, stap fan’e fyts en jou oanwizings sadat sy noch wol in meter fierder kin en de draai kriget.

Ik hie der nea wer om tocht”, ferûntskuldigt se har nochris en betanket my. Wy swaaie efkes freonlik nei mekoar en dan kin se de oare kant wer op ride, no de goeie rjochting út. Dit docht sy fêst net wer…