#044 | Euro95

Wy moasten fuort mei de auto en ik soe wol efkes de benzinetank fol goaie. “Wat moat dêr ek alwer yn, Euro95?”, frege ik oan myn opdrachtjouwster. Sy sjocht my oan as sjocht se wetter yn brân stean. De lêste tiid hawwe wy nochal te krijen mei deminte minsken en blykber wurd ik dêr no ek fan fertocht.

Fansels wit ik wol wêr’t ús auto op rydt, mar ik ha al salang net riden of tankt en der feroaret ek noch wolris wat op dat gebied, wat mei oktaan of E5 of sa en ik wol net as in ûnnoazele by de pomp stean.

By de pomp moast de pomphâlder my lykwols dochs noch bystean, want ik koe it klepke foar de benzine dop net iepen krije. “Ja, hoe skriuwst dit no op yn 150 wurden”, lake hy doet’r my holp en doe fielde ik my dochs wol wat ûnnoazel.