#045 Drave yn it greidelân

Sy hawwe in gâns te pakken!” In oantal froulju steane te sjen nei in stik of acht kowbisten dy’t yn in lân neist de Feanster feart hiel ticht by mekoar nochal wat heisa steane te meitsjen. Eltsenien wol wol yngripe mar hoe? Ik beslút om it lân yn te gean en dizze bisten wol efkes út mekoar te jeien.

Yn it ferline bin ik faak genôch mei de polsstôk it greidelân yn west, dat wat sil it wêze, sa tocht ik. Kordaat stapt ik op de bisten ôf mar doe’t ik healwei wie, krigen sy my yn’t each en feroare it ûnderwerp fan oanfal en krekt op dat momint begûn ik te twifeljen of’t no kij of bollen wiene.

Ynienen wist ik it wol en sette it op in rinnen. Dy bisten koenen lykwols ek hurd drave en ik wie hiel bliid dat ik op tiid by it stek wie.